Fryslân fan: Spesjaal Tinkboekje oarlochsslachtoffer Leo Flapper
Publicatiedatum: 3 Mei 2011
Reporter: Albert Hendriks – Friesland Holland Nieuwsdienst – www.friesnieuws.nl
Deadebetinking yn Blauhûs/Dodenherdenking Blauwhuis 4 mei
Spesjaal Tinkboekje oarlochsslachtoffer Leo Flapper
BLAUHÛS (NL) – Dit jier wurdt oarlochsslachtoffer Leo Siardus Flapper (Tsjerkwert 1925) betocht by de deadebetinking yn Blauhûs. De famylje hat foar dizze gelegenheid in Tinkboekje makke oer Omke Leo Flapper dy’t yn 1945 yn strafkamp Ravensbrück troch útputting stoar.
Flapper waard 27 augustus 1925 berne op Jonkershuzen 4 ûnder Tsjerkwert. Hy wie it jongste bern fan Anne Flapper en Anna Huisman en hie 1 broer en 4 susters. Leo en syn broer Dominicus groeiden op yn Blauhûs yn it gesin fan harren âldste suster Jantsje.
Yn de lêste oarlochsjierren krigen de Susters fan it St. Theresiahuis yn Blauhûs hyltiid faker fraach om help fan de Zusters van de Voorzienigheid út Amsterdam. Yn Fryslân wie molke, dêr koe bûter en tsiis fan makke wurde. Yn dy tiid waard der ek in protte slachte op it Fryske plattelân. Dominicus en Leo holpen mei om alle iten nei Amsterdam te smokkeljen. Ein 1943 gie it mis, de mannen waarden oppakt en krekt as tûzenen oaren op de trein nei Dútslân transportearre. Dominicus koe ûnderweis ûntsnappe mar Leo net.
Leo waard as gefangene tewurksteld yn strafkamp Mittelbau – Dora by Nordhausen yn Dútslân. Hjir moasten myngongen omboud wurde ta raketfabryk. Se wennen ek yn de tunnels. De libbensomstannichheden wienen ferskrikkelik. Dei en nacht gie it bouwen mei help fan dynamyt troch. De lucht siet fol giftich gas en stof dat de eagen en longen fan de gefangenen oantaasten. De 10.000 gefangenen moasten op fjouwer – hege krêben yn de tunnels sliepe mar troch it lawaai fan de grutte boarmasines kaam der fan sliepen niks telâne. Der wie grut gebrek oan hygiëne en skjin wetter. Yn de earste winter stoaren der al 2700 minsken oan stoflongen, diaree, mishanneling en eksekúsjes. Betiden 120 op in dei. Yn 1944 binne der barakken boud en waard it in bytsje better.
Op 3 en 4 april 1945 bombardearen de alliearden Nordhausen en op 4 en 5 maaie waarden mei de saneamde ‘Deadenmars’ de doe 40.000 gefangenen fuortfierd nei Bergen – Belsen, Sachsenhausen en Ravensbrück.
Leo arrivearre noch wol yn kamp Ravenbrück, mar wie ien fan de 2000 dy’t net mear rinne koe, siik of stjerrende wie doe’t se op 30 april 1945 troch it Reade Leger befrijd waarden. Leo stoar 23 juny 1945 yn it kamp troch ‘Algehele zwakte’.
It Tinkboekje mei it folsleine ferhaal oer Leo Siardus Flapper wurdt woansdei nei de betinking útrikt oan de famylje en oare belangstellenden. Ek de famylje út Kanada komt oer. De deadebetinking begjint woansdei 4 maaie yn Blauhûs om tweintich foar achten mei in stille tocht. Der binne koralen, taspraken en in gedicht. De gemeente, famylje, bern en feteranen lizze blommen.